Sportpark Wiarda moat yn maaie ferlost wêze fan legionella

15 apr 2019 - 07:38

As alles goed giet, is sportpark Wiarda yn Ljouwert heal maaie ferlost fan it legionella-probleem en kinne sporters wer gebrûk meitsje fan de dûs. Lang om let is de oarsaak fan de besmetting fûn en sil der úteinset wurde mei de wurksumheden om it probleem op te lossen. Mar de grutte fraach is fansels: wa sil dat betelje? Rudy Douma, foarsitter fan Blau Wyt '34, is dúdlik: "Dit kan geen enkele sportclub betalen."

Dûse - Foto: Shutterstock.com

Begjin dit jier waard der legionella oantroffen yn it Ljouwerter sportkompleks Wiarda. Yn de klaairomten fan fuotbalklups FVC en Blau Wyt mei dêrtroch sûnt febrewaris net mear dûst wurde. It duorre twa moanne oant it probleem fûn waard. Foarsitter Rudy Douma: "Het bleek heel lastig om te achterhalen waar de vervuiling zat. Toen dat duidelijk was, bleek het heel ingewikkeld om dat tot nul terug te brengen."

Liedings omlizze

It euvel blykt te sitten yn de liedings. Douma: "Er moeten heel wat leidingen omgelegd worden, zowel op het complex als in de aanloop naar het complex. Ook in de leidingen van Vitens schijnt het een en ander niet goed aangelegd te zijn."

Dûbele kosten

De grutte fraach bliuwt fansels: wa sil dat betelje? Douma: "Daar is het laatste woord nog niet over gezegd. Wij zijn als sportclubs eigenaar van de gebouwen op het sportpark. We betalen voor de huur en de kleedkamers, zoals iedere andere club. Maar daarnaast betalen we ook voor het grootschalig onderhoud. Een heel bijzondere en uitzonderlijke constructie."

Net te beteljen

It wurk oan de liedings soe dan ek foar in part betelle wurde moatte troch de fuotbalklups FVC en Blau Wyt '34. Douma: "We hebben al zo'n 30.000 euro verspijkerd en dan is het probleem nog niet eens opgelost. Daar komen nog enkele tientallen duizenden euro's bovenop. Dus één ding staat vast: dat kunnen wij als club never nooit niet zelf betalen." Douma wol dan ek it petear oangean mei ferskate partijen, lykas de gemeente en Vitens. "Hoe is het mogelijk dat dit bij zo'n nieuw complex kan gebeuren? Daar willen het ook over hebben."

Einliks aksje

Foar no is it wichtichste dat it probleem sa gau as mooglik oplost wurdt. Douma is dan ek bliid dat der aksje komt. "In de meivakantie moet alles gedesinfecteerd zijn en worden er monsters genomen. Als het goed is kunnen we twee weken later weer douchen." De foarsitter jout ta dat it al mei al wol hiel let yn de tiid wurdt. "Eind mei is het seizoen al bijna klaar."

Rudy Douma, foarsitter fan fuotbalklup Blau Wyt '34

(Advertinsje)
(Advertinsje)