Bewenners Suderburd by Grou yn opstân tsjin komst trije wenarken

15 apr 2019 - 06:26

Bewenners fan 35 rekreaasjewenten op de Suderburd by Grou komme yn opstân tsjin de komst fan trije wenarken. Dy arken lizze no yn it sintrum fan Grou, by de Minne Finne. It gebiet wurdt dêr op'e nij ûntwikkele. Sa komme der in oantal nije hûzen. Der lizze ek noch trije wenarken. De projektûntwikkelder wol dy ferpleatse litte. Yn oerlis mei de gemeente Ljouwert is in nij plak fûn: in lântong op it eilân De Burd, njonken 35 rekreaasjehûzen.

"Der binne trije arguminten tsjin de komst fan de wenarken", seit wurdfierder Sietse de Vries. Hy is al in skoft dwaande mei pogingen de komst fan wenarken op te kearen. "De earste is dat it ten koste giet fan de natoer dêr. De arken moatte passe yn it lânskip. De eask is dat se fuortfalle yn de natoer. Dan ha je in hege begroeiïng nedich. Dan krigest beammen. It frjemde is dat it folsleine beammegebiet by de werynrjochting fan Swette de Burd krekt fuorthelle is. Der moast mear greide komme om sa de wyn frij spul te jaan foar de wettersport."

Tsjinstridich

Hein de Haan is as wethâlder ferantwurdlik foar de ferpleatsing fan de trije wenarken. Hy sjocht de tsjinstridichheid. "Maar dat geldt voor iedere plek", fynt er. "Het gaat om de herinrichting van Grou. Je gaat op zoek naar een plek waar ze ingepast kunnen worden. Als je die plek vindt, moet je kijken wat er moet gebeuren om ze in te passen."

Tagonklikheid

In oar beswier is de tagonklikheid. Tsjinstanner De Vries: "Yn it ferline binne der ôfspraken makke oer de tagonklikheid fan it eilân. Doe is mei de gemeente en provinsje ôfpraat dat eltsenien der eins frij gebrûk fan meitsje kin. Dat bart no ek, want wettersporters kinne harren boat oanlizze oan de steigers fan de Marrekrite. As der aanst wenarken lizze, kin dat net mear. Dat wurdt dan opjûn troch de gemeente."

Bewenner Sietse de Vries

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Benaud foar bebouwing

It tredde beswier is dat de bewenners fan de rekreaasjewenten benaud binne dat dit it begjin is fan definitive bebouwing. De Vries: "Yn it nije boubeslút stiet dat je in wenark ynruilje meie foar in fêst hûs. Dan soe dit dus troch in projektûntwikkelder beboud wurde kinne."

Oar plak

Wethâlder Hein de Haan sei earder by in kommisjegearkomste dat hy tinkt dat dat wol tafalle sil. Hy bliuwt der by dat de lântong in geskikte lokaasje is. "We hebben meerdere locaties bekeken en onderzocht. In overleg met de provincie is dit de beste keuze voor de natuur." De Vries fynt dat der nochris goed sjoen wurde moat nei alternativen. Dy binne der neffens him genôch, ek yn de buert sûnder dat der in soad oanpassings hoege te kommen. "Je kinne hiel simpel nei de oare kant fan it wetter. Dêr is in eilân mei bosk en der is romte."

Ein april praat de gemeenteried fan Ljouwert fierder oer de ferpleatsing fan de wenarken.

Wethâlder Hein de Haan

(advertinsje)
(advertinsje)