Ljouwerter falt Burgumer oan mei mes; plysje op ferkearde adres

14 apr 2019 - 22:04

De plysje hat sneintemiddei yn Ljouwert in 23-jierrige man út dat plak oanholden neidat er by in fjochterij in 24-jierrige man út Burgum oanfallen hie mei in mes.

Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter hie in mes brûkt by in fjochterij oan de Grinzerstrjitwei. Hy is oanholden foar in poging ta swiere mishanneling. It slachtoffer koe troch de dokterswacht holpen wurde oan syn ferwûnings.

Doar skansearre by ferkearde adres

De plysje krige earst de melding dat it ynsident by de Grinzerstrjitte plakfûn. Dêr rekke in doar skansearre doe't plysjes in hûs besochten yn te kommen, wylst dêr neat oan de hân wie. De plysje hat ekskuzen oanbean oan de eigener fan it hûs en de skea wurdt fergoede.

Trefwurden: 
Ljouwert Burgum mes fjochterij
(advertinsje)