Maeve 'Wonder Woman' van der Veer is nasjonaal kampioene

14 apr 2019 - 22:00

De 13-jierrige Maeve van der Veer is Nederlânsk kampioene kidsfitness wurden. De jonge Lemster pakte dy titel yn skouboarch Orpheus yn Apeldoorn. Letter dit jier is se de earste Nederlanner dy't meidocht oan it EK kidsfitniss, dat dit jier yn Servië holden wurdt.

Maeve van der Veer yn aksje mei in oefening - Foto: eigen foto

Kidsfitness liket neffens Maeve noch it measte op flieroefeningen dy't we kenne fan it olympysk turnjen. "It is in miks fan dûnseleminten, turneleminten en eksplosive bewegingen", fertelt Maeve. "Moatst as sporter in rûtine yninoar sette, dy'tst sels makkest op muzyk." De rûtine moat dêrnei op in poadium oan in sjuery presintearre wurde.

Perfekte eftergrûn

Maeve hat de perfekte eftergrûn foar dizze bysûndere tak fan sport. As Nederlânsk kampioen tastelturnjen sit it nammentlik wol goed mei har turnkwaliteiten. En de leafde foar sport, siet der al betiid yn, fertelt se: "Ik bin op myn sechde al begûn mei topsportturnjen op It Hearrenfean en dêrfoar wie ik dwaande mei crossfit, wêrby't ek in soad krêfttesten dien wurde moatte." Dy kombinaasje lei har wol en dus wie dielname oan Kidsfitness net sa'n nuvere kar.

(Advertinsje)
(Advertinsje)