Tim Flokstra hâldt op by LDODK: "Het reizen vanuit Amsterdam wordt mij te veel"

14 apr 2019 - 21:44

Kuorballer Tim Flokstra hâldt oan de ein fan it seizoen op by LDODK. De 22-jierrige spiler kin de reis tusken syn wenplak Amsterdam en Fryslân net mear opbringe.

Foto: Orange Pictures

It wie gjin maklike kar foar Flokstra. "Een hele lastige keuze, want ik heb het waanzinnig naar de zin bij de club. Echt alles is top", seit hy. "Maar het reizen vanuit Amsterdam wordt mij te veel."

De ôfûne twa jier reizge de Grinzer twa kear yn de wike nei De Gordyk, mar kommend jier hat hy dêr minder tiid foar. "Dat zijn lange dagen. Ik denk niet dat ik dat nog een jaar kan opbrengen, ook omdat ik in de zomer afstudeer en dan vijf dagen per week ga werken."

LDODK lit witte it spitich te finen dat Flokstra fuortgiet, mar dat se syn beslút begripe. Flokstra hat noch gjin nije klup.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK Tim Flokstra
(advertinsje)