Geart Jorritsma rint yn Enschede earste maraton en wint ek noch

14 apr 2019 - 21:19

Fries om utens Geart Jorritsma hat de maraton fan Enschede wûn. Hy kaam nei 2 oeren, 26 minuten en 35 sekonden oer de streek oan it Van Heekplein. Dêrmei wie de 22-jierrige Jorritsma rapper as de Belgen Stef Simons en Benny Fischer, dy't twadde en tredde waarden.

Foto: RTV Oost

Jorritsma komt fan Snits, mar is ferhuze nei Arnhem ta om mei de ferneamde atletyktrainer Honoré Hoedt te wurkjen. De maraton fan Enschede wie syn earste maraton. "Dit had ik op het laatste moment bedacht met mijn trainer. Het was een beetje een verrassing wat er zou gebeuren na halverwege, want zo ver heb ik nog nooit op tempo gelopen", sei er nei de race tsjin RTV Oost. "Maar het bleef heel erg gemakkelijk gaan."

Earder wûn Jorritsma alris brûns op de 10 kilometer op it Nederlânsk kampioenskip. "Ik heb veel plannen", seit er oer syn ambysjes. "M'n eerste doel is om deze zomer op de 10 kilometer onder de 30 minuten te lopen. Later wil ik echt een snelle marathon lopen."

(advertinsje)
(advertinsje)