16-jierrige Drachtster twadde by Prinses Christina Concours

14 apr 2019 - 21:06

Gerben Jongsma fan Drachten is twadde wurden by de finale fan it Prinses Christina Concours yn Den Haag. De 16-jierrige Drachtster bespilet de marimba. Hy wie ien fan de sân finalisten yn syn leeftiidskategory. De winst gie nei Enzo Kok út Kerkrade (fioele).

Foto: Kuba Bozanowski / Wikimedia Commons

De nasjonale finale fan de muzykwedstriid wie yn it Zuiderstrandtheater. Goed 400 jonge muzikanten út it hiele lân besochten har te pleatsen. Uteinlik wie Gerben Jongsma ien fan de pear finalisten. Hy hat earder meidien oan de wedstriid, mar doe helle er net de finale. Wol krige er alris twa oanmoedigingsprizen.

Yn de finale spylje de muzikanten tsien minuten foar sjuery en publyk. By it ferdielen fan de prizen sjocht de sjuery nei it nivo en de 'ûntwikkelingsmooglikheden' fan de finalist. Syn twadde priis betsjut dat Gerben Jongsma nei ien of twa konserten fan syn idoal mei yn in Europeeske stêd. Boppedat mei er in live-optreden jaan yn it radioprogramma Spiegelzaal, dat út it Concertgebouw yn Amsterdam wei útstjoerd wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)