Trije winners by iepening skûtsjeseizoen yn Langwar

14 apr 2019 - 20:55

It skûtsjesilen by Langwar is dit wykein wûn troch de skûtsjes Jonge Jasper fan skipper Froukje Osinga, Grutte Pier fan Henk Regts en Lytse Lies fan Tony Brundel.

Sy waarden alletrije trije kear earste. Dêrom ha se eksakt likefolle punten en moatte se de kampioenswimpel diele. Ferline jie wie it foar it earst dat der in dielde winner wie.

It skûtsjesilen by Langwar is de iepening fan it seizoen. De skûtsjes sile yn ferskate difyzjes op basis fan lingte. Dit wykein wie de alfde edysje.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS Langwar
(Advertinsje)
(Advertinsje)