Epke: "Hiel noflik dat ik myn soan direkt yn de earmen nimme kin"

14 apr 2019 - 18:12

Dat syn frou Linda en soan Bert Eize derby wiene doe't Epke Zonderland yn Poalen syn tredde Europeeske titel pakte, fûn de Lemster it bysûnderst. "Hielendal op sa'n momint, datst him nei de wedstriid direkt yn de earmen nimme kinst. Dat is hiel noflik."

Foto: ANP

Mei in skoare fan 15,266 sette Zonderland ien fan syn bêste oefeningen ea del. "Dit wie tink ik wol de bêste EK-finale op rekstôk", sei er. "En ien fan de bêste oefeningen fan myn karriêre, dat is super."

Epke Zonderland

"De flechteleminten wiene it belangrykste, dat rûn allegear hiel soepel. It diel dêrnei wie ek hiel strak. Normaal lit ik dêr wolris wat lizze, no net. De útfiering wie super. Ek by de ôfsprong ha ik neat ferlern. Echt ien fan myn bêste oefeningen ea."

De olympysk kampioen fan 2012 en trijefâldich wrâldkampioen hat it gefoel dat er wer yn topfoarm is. "Ik ha even in dip hân yn de perioade rûn de Spelen yn Rio de Janeiro, 2016. No ha ik op it WK sjen litten dat ik der noch bin. Mar dat it no in pear toernoaien efterinoar slagget, dat fyn ik sels ek bysûnder. Dat jout fertrouwen nei kommend jier ta." En dat is wichtich, want dan binne de Olympyske Spelen yn Tokio. "Soargje dat ik fit bliuw en fierder sa trochgean."

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(advertinsje)