Anouska Koster tsiende yn einklassemint Healthy Ageing Tour

14 apr 2019 - 17:26

Hurdfytster Anouska Koster fan De Westereen is as tsiende einige yn it einklassemint fan de Healthy Ageing Tour. De lêste etappe wie snein yn en om it Grinslanner Midwolda. De einoerwinning gie nei Lisa Klein út Dútslân.

De sprint yn de lêste etappe waard wûn troch Kirsten Wild - Foto: www.orange-pictures.nl

Koster wie ien kear ticht by in etappe-oerwinning. Sneon waard se twadde op It Hearrenfean, efter Lisa Brennauer. Ferline jier waard Koster noch tolfde yn it einklassemint.

Nicole Steigenga út Eksmoarre wie de twad bêste Friezinne. Sy einige as 26e.

(Advertinsje)
(Advertinsje)