VC Snits mei oertsjûgjende oerwinning nei finale om lânstitel
De follybalsters fan VC Snits ha de kampioenspûl ôfsletten mei in oertsjûgjende oerwinning op Regio Zwolle. De ploech fan Paul Oosterhof wie sneon al wis fan dielname oan de finale, om't direkte konkurrint Set-Up'65 net mei 3-0 wûn.
VC Snits mei oertsjûgjende oerwinning nei finale om lânstitel
De wedstriid fan VC Snits tsjin Regio Zwolle wie dus net mear wichtich foar de einstân yn de kampioenspûl, mar dochs lieten de Snitsers sjen de goede foarm te pakken te hawwen. Mei de setstannen 25-19, 25-16 en 25-20 waard Regio Zwolle wer nei hûs ta stjoerd.
Paul Oosterhof
Yn de finale nimt VC Snits it op tsjin regearjend kampioen Sliedrecht Sport, dy't al in skoft wis wie fan de finale. Wa't yn de finale as earst trije wedstriden wint, is kampioen. Sliedrecht is de favoryt: sy waarden dus mei ôfstân earste yn de kampioenspûl en binne boppedat regearjend kampioen.