Puntsje foar Hearrenfean yn noardlike derby tsjin FC Grins

De noardlike derby tusken SC Hearrenfean en FC Grins is einige yn in lykspul: 1-1. Yn de earste wedstriid sûnder Jan Olde Riekerink as haadtrainer kaam Hearrenfean op foarsprong troch in goal fan Pelle van Amersfoort. Yn de twadde helte makke Paul Gladon de gelykmakker.
Johnny Jansen
Johnny Jansen, dy't no as trainer foar de groep stiet, moast it dwaan sûnder Sam Lammers en Stijn Schaars. Sy wiene blessearre. Dochs sette Hearrenfean sterk útein. De earste helte spile him foar in grut diel ôf op de helte fan Grins. Nei in lyts kertier krigen de Feansters de earste goede kâns fan de wedstriid. Yuki Kobayashi stjoerde mei in pass Ben Rienstra de djipte yn. Dy sette foar, mar Pelle van Amersfoort kaam krekt tekoart.
© www.orange-pictures.nl
Fiif minuten letter bestoarme Hearrenfean de goal fan de besikers. Earst rekke Thorsby de bal út in foarset van Michel Vlap noch folslein ferkeard, mar de bal bleau yn de Grinzer sechstjin. Woudenberg lei de bal klear foar op 'e nij Thorsby. No skeat de Noar krekt njonken.
Sels doe't Rienstra Van Amersfoort allinnich foar Grins-doelman Sergio Padt sette, wie it net raak. Padt ferlytse syn doel goed en koe Van Amersfoort sa it skoaren beheine.
Nei in lytse fjirtich minuten, noch foar't FC Grins in serieuze kâns krige, wie it dochs 1-0 foar Hearrenfean. Thorsby sette goed troch op it middenfjild en joech de bal mei oan Lucas Woudenberg oan de linkerflank. Dy sette foar en Pelle van Amersfoort kopte binnen by de earste peal.
© www.orange-pictures.nl
Yn de lêste minuten foar it skoft barde neat opmerkliks mear op it fjild, wol dernjonken: út it fak mei de Grinssupporters wei waard in fjoerwurkfakkel nei in fak Hearrenfeansupporters smiten. Skiedsrjochter Bas Nijhuis liet omroppe dat er it duel stillizze soe as it noch in kear barde.
Grins, dat yn de earste helte dus eins nea gefaarlik waard, sette nei it skoft wol goed útein. Hearrenfean-doelman Warner Hahn moast yn aksje komme by in skot fan Kaj Sierhuis. Yn dy faze fan de wedstriid diene de twa ploegen net bot ûnder foar inoar. Lucas Woudenberg skeat in pear meter oer nei't in corner ôfsloech.

Op de peal

Twa minuten letter wie it hast 2-0. Thorsby spile Rienstra oan, dy die in aksje nei links en skeat hurd op de peal. Ek Vlap liet Padt noch even skrikke mei in skot fan ôfstân, mar de doelman bokste de bal fuort.
Ben Rienstra
Dêrnei sette Grins útein mei in offinsyf. Ynfaller Paul Gladon kopte earst noch yn de hannen fan Hahn. De doelman moast dêrnei nochris twa kear yn aksje komme. Hy kearde in hurd skot fan Bart Chabot. De rebound wie foar Ilias Bel Hassani, mar op 'e nij siet Hahn der goed by.

Gladon 1-1

It bliek útstel fan eksekúsje. Nei in oere spyljen krige Bel Hassani alle romte om foar te setten fan de rjochterflank ôf. Gladon, dy't Grins de ôfrûne wiken al twa kear de winst besoarge as ynfaller, skeat raak mei in folly: 1-1.
© www.orange-pictures.nl
Dêrnei bleau Grins de ploech mei de bettere kânsen. Samir Memisevic gie mei nei foaren en skeat de bal yn it sydnet. Hearrenfean wie it kwyt. Mike te Wierik krige by in frije traap fan Bel Hassani alle tiid om yn te koppen. Dat die er, lokkich foar Hearrenfean, net sekuer: de bal gie oer it doel fan Hahn.

Slotfaze foar Hearrenfean

Yn de lêste tsien minuten liet Hearrenfean him wer sjen. Thorsby kontrolearre in foarset fan Van Bergen fraai en skeat dêrnei njonken. Djip yn de blessueretiid wiene de Friezen noch ien kear ticht by de winnende goal: mei wat gelok foel de bal foar de fuotten fan ynfaller Jizz Hornkamp. Dy skeat hurd yn, mar rjocht op Hahn ôf.
En dus moatte de Friezen it dwaan mei in 1-1. In terjochte útslach, mar ek in resultaat dêr't de Friezen net al te folle mei opsjitte.
Kik Pierie
SC Hearrenfean - FC Grins 1-1 (1-0) 38. Pelle van Amersfoort 1-0, 61. Paul Gladon 1-1
Opstelling SC Hearrenfean: Hahn; Schmidt, Høegh, Pierie, Woudenberg; Rienstra, Thorsby, Kobayashi (79/Kongolo); Van Bergen (84/Johnsen), Van Amersfoort, Vlap (87/Hornkamp)