Epke Zonderland foar tredde kear Europeesk kampioen oan de rekstôk

Turner Epke Zonderland fan De Lemmer hat snein syn tredde Europeeske titel oan de rekstôk wûn. Yn it Poalske Szczecin sette er in skoare fan 15,266 del. Dêrmei bleau er syn twa grutte konkurrinten, Tin Srbic en Artur Dalaloyan, foar.
Oefening Epke
Zonderland gie fan de Cassina direkt nei de Kovacs en die dêrnei in kombinaasje fan de Kolman nei de Gaylord 2. By de ôfsprong stie er yn ien kear. Syn skoare fan 15,266 wie heger as by it wrâldkampioenskip fan ferline jier, doe't er ek goud wûn.
© www.orange-pictures.nl
Epke wie de fiifde turner yn de finale. Neffens NOS-kommentator Hans van Zetten wie dit syn bêste oefening ea: "De flying Dutchman vliegt hier." Epke hie tsjin Van Zetten sein dat er yn Poalen turnje woe foar syn soantsje Bert Eize.
Epke Zonderand wie earder Europeesk kampioen op de rekstôk yn 2011 en 2014. Ferline jier helle hy op it EK yn Glasgow sulver.
De Fries waard ek trije kear wrâldkampioen en ien kear olympysk kampioen.