HEA! Skatten út in 400 jier âlde Ljouwerter kelder

Yn de kelder fan de winkel fan Dineke Postma yn Ljouwert binne bysûndere âlde foarwerpen foar it ljocht kaam. Dêrút docht bliken dat de romte 400 jier lyn al yn gebrûk wie by in lekkenferver. Klanten fan de winkel meie de kelder besjen. Frou Postma hat har hielendal yn de histoarje fan it pân ferdjippe, en hat der no sels in 'kelder-tic' fan krigen.
HEA! Midsiuwske kelder