Plysje hellet ynbrekker fan dak Ljouwert

14 apr 2019 - 14:58

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in ynbrekker fan it dak fan yn wenning helle. Dat barde oan de Noardersingel yn Ljouwert.

De man rûn op de stegers by de wenning. Tsjûgen ynformearren de plysje en dy koe de man fan 27 fan it dak helje. Hy is oanholden foar fernieling en foar poging ta ynbrekken.

It guod dat de man by him hie, is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)