Riemer van der Velde: "Wy binne noch altyd ree om te praten"

14 apr 2019 - 14:07

De groep om âld-foarsitter Riemer van der Velde hinne is noch altyd ree om SC Hearrenfean fierder te helpen. "Ek al binne der beslissingen naam, dy't net yn ús lijn lizze, we wolle bêst wer oan tafel."

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Dat sei Van der Velde snein yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Freed hat der trouwens al in petear west mei foarsitter Roozemond op fersyk fan Riemer van der Velde en Foppe de Haan. Konkreet hat dat neat opsmiten, mar it kontakt is der.

SC Hearrenfean sit yn swier waar. Der moat wat barre.

Riemer van der Velde, âld-foarsitter SC Hearrenfean

Van der Velde: "De klup sit yn swier waar en der moat wat barre. Wy tinke en helpe graach mei om it stadion wer fol te krijen, it fuotbal sels wer better te krijen en om de sponsors werom te heljen."

De nije trainer? Earst it plan, dan de man!

Riemer van der Velde, âld-foarsitter SC Hearrenfean

Van der Velde sjocht gjin bestjoerlike rol foar him sels. "Ik bin in belutsen supporter en kin sa ek bêst myn advys jaan."

Oer wa't de nije trainer wurde moat, woe Van der Velde him net útlitte en ek net op de rop om Gertjan Verbeek: "Nee, dêr sis ik neat oer. Earst it plan, dan de man."

Riemer van der Velde

(advertinsje)
(advertinsje)