Hurdfytser Wim Stroetinga einiget as twadde yn Brisbane

14 apr 2019 - 13:36

Wim Stroetinga en Yoeri Havik binne snein as twadde einige yn de Zesdaagse van Brisbane. Se moasten de Australiërs Leigh Howard en Kelland Michael O'Brien foar har litte.

Foto: www.orange-pictues.nl

It ferskil tusken beide duo's, wie mar seis punten. Ek al hyt de Australyske wedstriid Zesdaagse, hy duorret mar trije dagen.

Havik en Stroetinga wûnen foarige moanne noch de Zesdaagse van Manchester, dat wie ek in wedstriid oer trije dagen.

Trefwurden: 
hurdfytsen Wim Stroetinga
(Advertinsje)
(Advertinsje)