Dielnimmers moasten bikkelje by swierste Harnzer sloeperace ea

Hurde wyn, sniebuien en kjeld. De alfde edysje fan it Harnzer Kampioenskip Sloeproeien sil de skiednisboeken yngean as de swierste edysje ea. De race wie sa swier dat úteinlik tsien boaten opjaan moasten.
© facebook: Harlinger Kampioenschap Sloeproeien
It Harlinger Kampioenschap Sloeproeien wurdt sûnt 2009 organisearre troch de roeiferiening Okke Hel út Harns. De tocht fan sneon hie in lingte fan 15 kilometer en de sloepen moasten fuort oan it begjin de wylde en kâlde Waadsee op.
It like de organisaasje in moaie tarieding op de kommende HT Race. Mar mei in straffe wyn, en snie en hagelbuien wie de race om it Harnzer kampioenskip wol hiel wat oars as de gemiddelde HT Race. Folchskippen, Rykswettersteat en de KNRM hawwe ûnder de race tafersjoch hâlden op de dielnimmers, en derfoar soarge dat elk ek wer feilich nei Harns werom komme koe.

Ferkearde útslach

By de priisútriking liken de Grutte Bear by de manlju en de Lytse Bear by de froulju de winners. Mar snein kaam de organisaasje mei in rektifikaasje. Der wie in fergissing makke yn de metoade dy brûkt wie by de berekkening fan de einútslach, mei grutte gefolgen. Sa waard de swiere striid úteinlik by de manlju wûn troch Benwyvis fan Skylge, by de froulju wûn de sloep GIA light fan Rutten.