Nacht van de Filosofie lûkt soad belangstellenden yn Ljouwert

14 apr 2019 - 10:30

'Ik stuntel dus ik ben': dat wie it tema fan de Nacht van de Filosofie sneontejûn yn Ljouwert. Sa'n 500 minsken kamen op it evenemint yn de Blokhûspoarte ôf, en dêrmei wie it útferkocht.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

It boadskip wie: wy minsken stuntelje troch it libben, dat is no ien kear sa en dêr moatte we mar frede mei ha. "Als je mislukt, doe het dan tenminste mooi", sei filosoof Menno de Bree út Grins.

De Bree, auteur fan 'Het Eeuwige tekort', helle de ferneamde tips foar in lokkich en suksesfol libben ûnderút. "Optimistisch zijn, in het nu leven, in balans zijn, doen wat je wilt, volg je passie, we kennen ze allemaal maar er klopt volgens mij helemaal niks van."

Filosofe Stine Jensen gong yn op de fraach hoe slim it eins is dat je it net rêde yn de polityk, sport en wurk.

Stuntelje mei seks

In opfallend soad ynteresse wie der foar it gestuntel mei seks. Psycholooch Irma van Steijn fan Ljouwert fertelde dat we graach de perfekte partners yn bêd binne, mar dat kin net. "Je moet leren stuntelen en ontdekken dat dat niet erg is. Het wordt er juist leuker van. Ga lekker aanrommelen en lach een beetje om jezelf, dan komt het goed."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Van Steijn krijt in soad stellen op de bank dy't in oplossing freegje foar harren minne sekslibben. Mannen binne tefolle mei harren prestaasjes dwaande. "Ze hangen zoveel aan hun piemel op, soms zelfs hun hele zelfbeeld dat ie vanzelf gaat hangen."

En froulju? "Velen vinden dat hun schaamlippen te groot zijn of een verkeerde vorm hebben. Er is een toenemende vraag naar correcties."

Tips

Om der noch wat moais en spannends fan te meitsjen, hie de seksuologe noch in pear tips foar de besikers. "Ga samen stuntelen, omarm lichamelijk ongemak, zoen dagelijks, geef complimenten en raak elkaar aan. Geen zin hebben is ook oké en niet elke vrijpartij hoeft te eindigen in een orgasme."

En foar wa't dat net genôch wie, gong der in fibrator yn de foarm fan in pinguïn troch it publyk. Wurket mei luchtdruk en is tige populêr. "Al maanden uitverkocht."

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
(Advertinsje)
(Advertinsje)