Befrijingsfestival Ljouwert hat ferlet fan frijwilligers

14 apr 2019 - 10:00

It evenemint is oer in goeie trije wiken al, op 5 maaie, en dochs binne se by de organisaasje fan de Befrijingsdei yn Ljouwert noch op syk nei in grut tal frijwilligers. Se dogge dêrfoar in oprop op Facebook.

Foto: Omrop Fryslan

Der binne ûnder oare minsken nedich yn de technyk, de hoareka en by it skjinmeitsjen.

Kommende tiisdeitejûn is der in briefing oer de taken dy't je dwaan kinne as frijwilliger.

Op it festival binne ferskate poadia. Douwe Bob stiet op it haadpoadium. Ek Kraantje Pappie komt dêr. De Fryske ambassadeur dit jier is Pyn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)