Film 'Holwerd aan zee' folget inisjatyfnimmers yn syktocht nei jild

14 apr 2019 - 09:34

'Holwerd aan zee - Een gat in de zeedijk als redding' is de titel fan in dokumintêre oer it plan Holwert oan See. De film is moandeitejûn te sjen op NPO2.

Foto: Film

Yn Holwert is in pear jier lyn it plan ûntstien om de dyk troch te brekken sadat har terpdoarp wer oan de Waadsee komt te lizzen. Holwert driget troch de krimp in spûkdoarp te wurden. Mei dit plan hoopje de inisjatyfnimmers nij libben yn it doarp te bringen en toeristen te lûken.

Fjouwer mannen lûke it plan Holwerd aan Zee: Marco Verbeek (supermerkeigener), Hessel Hiddema (jirpelboer) Theo (ynspekteur by VWA) en Jan Zijlstra (amtner). De film folget de mannen yn har syktocht nei jild. Slagget it om de nedige 65 miljoen euro by elkoar te krijen? Geane de boeren akkoart dat har fruchtbere lân ûnder wetter set wurdt?

Ta har eigen fernuvering leit de iene ynstânsje nei de oare jild op it kleed. De oare Holwerters wurde entûsjast oer de plannen en der ûntstiet in dynamyk dy't it doarp ferbynt.

De film is makke troch Kees Vlaanderen yn koproduksje fan Human en Moondocs.

De film is sneontejûn al yn premjêre gien yn MFC De Ynset yn Holwert en is moandei 15 april te sjen op NPO2 om 20:55 oere.

Trefwurden: 
film Holwerd aan Zee
(Advertinsje)
(Advertinsje)