Auto yn de brân yn Snits; fytsen yn it Feanster wetter; rêstige útgeansnacht yn Ljouwert

De útgeansnacht yn Ljouwert is op ien ynsidint nei rêstich ferrûn. Tsjin trijen waard in 20-jierrige ynwenner fan de gemeente Hearrenfean sneontenacht oanhâlden foar mishanneling yn in hoarekagelegenheid op it Ruterskertier. Hy hat in lokaal hoarekaferbod foar in jier krigen.
© Omrop Fryslân
Om in oere as twa sneontenacht stie yn Snits oan de Morrahemstraat in auto yn de brân. De brânwacht hat it fjoer gau útmakke.
Op It Hearrenfean binne trije minderjierrige fertochten oanhâlden nei't se fytsen yn it wetter smiten hienen. Se binne foar neier ûndersyk ynsletten yn Ljouwert.