Epke Zonderland kin syn tredde Europeeske titel oan de rekstôk helje

Turner Epke Zonderland kin snein yn it Poalske Szczecin syn tredde Europeeske titel oan de rekstôk helje. Om 15.30 oere hinne moat er syn oefening dwaan.
© www.orange-pictues.nl
Hy berikte de finale ôfrûne woansdei al en hie doe de twadde skoare mei 14,533 punten. Hy moast de Rus Artur Dalalojan foar him litte. Yn de finale sil Zonderland nei alle gedachten in oefening dwaan mei in hegere swiertegraad en kin er dus mear punten helje.
Neist Dalalojan is ek de Kroaat Tin Srbic in konkurrint. Beide mannen wienen de iennige oare Europeeske turners yn de rekstôkfinale by it WK 2018 yn Doha dêr't de Fries syn tredde wrâldtitel helle.
Earder waard Zonderland al Europeesk kampioen yn Berlijn (2011) en Sofia (2014).