Aris kin Leiden net ferrasse en ferliest rom

13 apr 2019 - 21:33

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn ferlern fan nûmer twa Leiden. Yn Ljouwert waard it 69-92. It wie de earste wedstriid ûnder lieding fan de nije haadcoach Anne van Dijk, dy't de opstapte Tony Van den Bosch ferfangt.

Aris en Leiden gongen yn it begjin fan de wedstriid aardich lykop, mar stadichoan waard Leiden de bettere ploech. De gasten stiene oan 'e ein fan it earste kwart dan ek op foarsprong: 13-32.

De Ljouwerters begûnen it twadde kwart in stik better en brochten de efterstân werom nei alve punten (22-33). Leiden kaam ek wer better yn 'e wedstriid. Troch ûnder oaren in trijepunter yn de lêste sekonde waard de rêststân 31-48.

Spoar bjuster

Nei it skoft like Aris it spoar efkes hielendal bjuster. Nei fiif minuten hie Leiden har foarsprong ferdûbele nei 35 punten (33-68). De Ljouwerters wiene ek de rest fan it tredde kwart net sterk genôch en gongen mei in 46-80 efterstân it lêste kwart yn.

Aris besocht yn dat lêste kwart noch wol wat oan 'e stân te dwaan, mar it gat wie fierstente grut om noch kâns te meitsjen op winst. Aris ferlear úteinlik rom mei 69-92.

Aris bliuwt ek nei it ferlies tsjin Leiden sânde yn de Dutch Basketball League, Leiden is koprinner wurden. Oankommende woansdei spilet Aris tsjin New Heroes Den Bosch, de nûmer trije fan de kompetysje.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)