VC Snits troch setferlies Set-Up wis fan finale earedifyzje

13 apr 2019 - 20:28

De follybalsters fan VC Snits binne wis fan in plak yn de finale fan de earedifyzje. De Snitser froulju hiene har ôfrûne wykein al hast fersekere fan in wedstriid tsjin nûmer ien Sliedrecht Sport, mar troch setferlies fan konkurrint Set-Up '65 sneontejûn is dy finale no echt wis.

Foto: VC Snits

De ploech út Ootmarsum ferlear sneontejûn tsjin Eurosped fuortendaliks de earste set mei 25-14. Dêrmei kin Set-Up '65 de Snitser froulju net mear ynhelje yn de kampioenspûl. Yn de finale fan Nederlân treft Snits Sliedrecht Sport, de kampioen fan de ôfrûne twa jier. De finale giet om in best-of-five.

Sneintemiddei spilet VC Snits noch de wedstriid tsjin Zwolle yn de eigen Sneker Sporthal.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)