Anouska Koster twadde yn rit Healthy Ageing Tour fan Wolvegea nei It Hearrenfean

13 apr 2019 - 18:12

Anouska Koster fan De Westereen is der sneontemiddei krekt net yn slagge om it twadde part fan de fjirde etappe fan de Healthy Ageing Tour te winnen. Yn 'e rit fan Wolvegea nei It Hearrenfean einige de hurdfytster nei in sprint krekt efter Lisa Brennauer út Dútslân.

Foto: Orange Pictures

It trajekt yn it suden fan Fryslân gie oer in lytse 75 kilometer. Healwei giene Koster en Brennauer op aventoer. Op it tredde plak einige de Nederlânske Jip van den Bos.

Klassemint

Yn it klassemint stiet de Belgyske Lisa Klein boppe-oan; Anouska Koster sit noch krekt yn de top tsien.

Trefwurden: 
hurdfytsen Anouska Koster
(advertinsje)
(advertinsje)