Sneonsfuotbal: Harkemase Boys en VV Bûtenpost winne

13 apr 2019 - 17:02

Fuotbalklup Harkemase Boys hat sneontemiddei op it eigen sportpark De Bosk mei oertsjûging wûn fan ASV De Dijk. Yn de wedstriid yn de tredde difyzje op De Harkema waard it 3-1. Ek VV Bûtenpost pakte in oerwinning, yn de haadklasse, út tsjin Flevo Boys: 0-1. Foar ONS Snits betsjutte de wedstriid tsjin DOVO in lytse nederlaach: 2-1.

Foto: Orange Pictures

Nei in goed healoere kaam it Harkemase Boys fan trainer Tieme Klompe op foarsprong. Iloba Achuna skoarde mei de holle út in corner. Ien minút nei it skoft waard de foarsprong ferdûbele. Ut in foarset fan Beimers skeat Henry Bouius de bal tsjin de touwen.

Nettjinsteande in reade kaart foar Johnny de Vries kaam Harkemase Boys noch op 3-0 troch Kevin Mennega. Foar De Dijk skoarde Mick Christophersen noch it earedoelpunt, mar de winst foar de Harkiten wie doe al binnen.

Bûtenpost tolfde

Foar VV Bûtenpost wie it in moaie middei yn Emmeloord. Troch in doelpunt fan Rudmer Loonstra fersekere Bûtenpost him fan winst (0-1) op Flevo Boys. Dêrmei hat de ploech foar it earst yn wiken wer ris wûn en stiet Bûtenpost op it stuit op it feilige tolfde plak yn de haadklasse

Nederlaach ONS

Foar ONS Snits wie it in teloarstellende middei yn Veenendaal. DOVO wûn mei 2-1, troch twa doelpunten fan Joshua Patrick. Foar de Snitsers skoarde Yumé Ramos krekt foar it skoft noch it earste doelpunt fan de wedstriid.

Om't Jong Groningen ferlear fan Noordwijk nimt Harkemase Boys no it fiifde plak oer yn de tredde difyzje. ONS Snits bliuwt op it trettjinde plak stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)