FIDEO: Froulju Drachtster Boys útskeakele foar play-offs

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe it seizoen yn 'e earedifyzje ôfsletten mei in oerwinning op Os Lusitanos. Se moasten sels winne, en konkurrint Dr. Vijfje moast punten ferspylje. Allinne dan koenen de sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys de play-offs noch helje.
Fideo: Froulju Drachtster Boys útskeakele foar play-offs
Sels winne, dat slagge tsjin Os Lusitanos. Mar Dr. Vijfje wûn ek, út yn Alkmaar. En dus sit it seizoen der op foar de ploech fan Symen Abe Hoekstra. Jessie Prijs is ynternasjonal by Oranje en oanfierster fan Drachtster Boys. Se hat noch nea earder de play-offs mist.
Fideo: Jessie Prijs kwoot
Yn de 'Wedstriid fan de Wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike'. De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.