Caravan folslein útbrând op camping by Earnewâld
Op camping It Wiid yn Earnewâld is sneontemiddei in caravan folslein yn 'e jiske lein troch brân. De reekwolken wiene yn de wide omkriten te sjen.
De brânwacht fan Burgum hat it fjoer útmakke. Der is net ien by de brân ferwûne rekke, wol wiene der inkelde eksploazjes te hearren. Mooglik gie it hjir om gasflessen.