Cambuur-oanfierder Schilder: "De club heeft te veel twijfels"

SC Cambuur hat neffens oanfierder Robbert Schilder tefolle twivels om syn kontrakt te ferlingjen. Om dy reden komt der gjin nije oanbieding fan de Ljouwerter klup. De 32-jierrige ferdigener kin dêr mei libje, mar dochs komt it wol as in ferrassing.
Moandei stapte Schilder it kantoar fan de kluplieding binnen. Hy woe dúdlikheid. "Woensdag hebben ze een gesprek gehad met de nieuwe leiding en toen hoorde ik dat ik geen nieuwe aanbieding zou krijgen. Ze hadden teveel twijfels."
De âld-spiler fan ûnder oaren Ajax en FC Twente hie dat net ferwachte. "Ik heb in 2,5 jaar geen wedstrijd gemist en heb met mijn 32 jaar veel ervaring. Ik vond wel dat ik in ieder geval een nieuw contractvoorstel verdiende. Maar ik ben blij dat er nu in ieder geval duidelijkheid is."
Robbert Schilder oan de bal © www.orange-pictures.nl
Schilder is net de iennige Cambuur-spiler dy't gjin nij kontrakt krijt. Fan de hjoeddeistige seleksje binne der neist Schilder leafst alve spilers dy't nei dit seizoen fuortgeane. Fan de seleksje fan no hat no hast elkenien dúdlikheid. Cambuur giet allinne noch yn petear mei middenfjilder Kevin Jansen. Hy kaam yn de winterstop en tekene doe in kontrakt foar in healjier.