Eardere Miro yn Ljouwert ticht foar ferbouwing: "Alleen de vier buitenmuren blijven staan"

13 apr 2019 - 13:01

It âldste keapsintrum fan Ljouwert wurdt de kommende wiken flink ûnder hannen nommen. De eardere Miro, mei in enoarme supermerk, in drogisterij, in boekhannel en sliterij slút sneon om 15.00 oere de doarren foar goed trije wike.

Om it middeisoere hinne wiene al aardich wat skappen leech. "Het gaat heel snel, als we niet aanvullen", seit manager Sjaak Wagenaar. Hy hie tocht dat de earste minsken al om acht oere foar de doar stean soene, mar dat foel ta. "Maar een uurtje later begon het aan te lopen." Produkten wurde mei koarting ferkocht. It hâldbere guod dat dan noch oer is, wurdt opslein en al it farske guod wurdt ophelle troch de Voedselbank.

De ferbouwing is nedich om it mear as fjirtich jier âlde gebou by de tiid te krijen en dat it wer oan de hjoeddeiske easken foldocht. "Alleen de vier buitenmuren blijven staan, de rest wordt allemaal verbouwd. Bij eerdere verbouwingen is wat lap- en plakwerk gedaan. Nu doen we het grondig."

De Albert Heijn yn dizze foarm sit der al 14 jier yn. "We gaan alles vervangen, alles wordt nieuw, de winkelroute wordt nieuw. Er komt veel meer vers in."

It personiel fan de supermerk sil yn oare fêstigingen oan de slach. "Een deel is vrij, op vrijwillige basis."

Hy hopet sneontejûn om acht oere de winkel leech te hawwen. De ferbouwing sil in lytse fjouwer wiken duorje. Op 8 maaie geane de winkels wer iepen. Yn it kompleks komt mooglik in Aldi, de kontrakten dêroer binne noch net tekene.

Gerrit de Boer mei Sjaak Wagenaar

Yn 1972 wie it grut nijs, de iepening fan it saneamde Miro Center yn Ljouwert. Sa'n grut 'warenhuis' wie der noch net: 6.500 kante meter winkeloerflak, in parkearterrein foar 600 auto's en in tankstasjon. Miro wie in saneamde 'hypermarkt-keten' fan Ahold: njonken supermerkartikels binne der ek net deistige boadskippen te keap.

De Miro-formule waard yn de jierren 1985/86 opheft en de winkels waarden stadichoan omboud. Yn 2005 waard de supermerk oan de Tynjedyk yn Ljouwert omboud ta in Albert Heijn XL.

(advertinsje)
(advertinsje)