Argyf mei 180.000 oarlochsslachtoffers wurdt digitaal tagonklik

13 apr 2019 - 12:30

Jack Kooistra wie noch mar in jonkje doe't de oarloch útbruts. Fan it begjin ôf hat er foar himsels de nammen en oare bysûnderheden opskreaun fan minsken dy't troch de oarloch om it libben kamen. Dan giet it om minsken út it ferset, om Joaden en ek om 'gewoane' minsken dy't troch de Dútske besetter ombrocht waarden.

Jack Kooistra op syn argyfsouder - Foto: Omrop Fryslân

Ek nei de oarloch is Kooistra fierder gien mei it sammeljen fan nammen en oare gegevens. Hy skreau it op kaartsjes en syn argyf groeide en groeide en beslacht no, yn 2019, hast 180.000 kaartsjes.

De mei de hân skreaune kaartsjes sitte yn koffers dy't op syn souder stean. De stellingen dêr't de koffers op stean, binne al krom bûgd troch it gewicht.

De souder fan Jack Kooistra - Foto: rjochtenfrij

It argyf fan Jack Kooistra moat net sjoen wurde as in út de hân rûne hobby. Kooistra wol foaral de neibesteanden helpe mei it jaan fan ynformaasje. Hy fynt it wichtich dat neibesteanden treast, rêst en dúdlikheid krije sadat se it ferlies ferwurkje kinne.

Fryske Wiesenthal

Jack Kooistra wurdt ek wol de Fryske Wiesenthal neamd omdat hy in soad oarlochsmisdiedigers opspoard hat. Hy is no 89 jier en noch altyd alle dagen dwaande mei it sykjen nei gegevens.

Digitalisearring

In groepke fan fjouwer manlju is op dit stuit dwaande alle kaarten fan slachtoffers te digitalisearjen. It doel is dat de kaartsjes allegear op de foto set wurde, sadat it argyf feilich steld wurdt. Fierder wurdt de ynformaasje op de kaartsjes op in website publisearre: www.wo2slachtoffers.nl

Ien fan de koffers mei kaartsjes - Foto: Omrop Fryslân

Jack Kooistra, Gjalt Wymenga en Jan Pieter Rottiné

Yn Buro de Vries de kommende wiken omtinken foar it argyf fan Kooistra. Yn de útstjoering fan 14 april wurdt yn in petear mei Gjalt Wijmenga, Pieter Jan Rottiné en Jack Kooistra sels it histoaryske belang fan it argyf beljochte.

(advertinsje)
(advertinsje)