Nij Smellinghe hat iepen hûs: "Ik wol it sikehûs in kear oars besjen as dat ik pasjint bin"

13 apr 2019 - 12:15

It Drachtster sikehûs Nij Smellinghe pakt sneon flink út mei de iepen dei. Sa is der in live-ferslach te sjen fan in operaasje, kinne minsken ûnderfine wat it is om te riden mei medisinen op en krije se útlis oer hoe't je mei kofje rinne moatte as je op krukken rinne. Foar elk is der wol wat.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie yn Drachten

Ellen de Jong is ien fan de organisatoaren. "We zijn hier met 400 medewerkers en vrijwilligers. Ons doel is om mensen op een laagdrempelige manier kennis te laten maken met het ziekenhuis. Het geeft een uniek kijkje achter de schermen."

De dei liket al om it middeisoere hinne al slagge te wêzen. "Ik zie allemaal blije en enthousiaste mensen, jong en oud. Het is heel gezellig."

Se tinkt dat ferskate ôfdielingen populêr binne. "De operatiekamers, het mortuarium, maar ook de gipskamer en je kunt leren bloedprikken."

Fierder kinne belangstellenden ynformaasje krije oer it wurkjen yn de soarch. "We zijn zeker op zoek naar mensen. In de zorg zijn altijd mensen nodig."

Foto: Omrop Fryslân, Evert van den Berg

Ien fan de besikers kaam mei de bern. "Sa'n sikehûs mei wite jassen is altyd wat angstich foar de bern, no is de drompel leger om ris te sjen. It is noait in pretje om yn it sikehûs te lizzen, mar se binne hjir leaf en leuk foar de bern."

In oare besiker woe ris sjen hoe't it derom en ta giet sûnder der as pasjint te wêzen. "Ik ha in hertoperaasje hân en der is leukemy by my konstatearre. Dus moat der geregeld hinne foar kontrôle. Ik bin hiel tefreden oer it sikehûs."

Wer in oar kaam om te sjen oft se der wurkje kinne soe, se is hast klear mei genêskunde. Se sjocht foaral nei de sfear.

(advertinsje)