'Knappe kop' Floor Beks hellet sulver by Europeeske wiskundewedstriid

13 apr 2019 - 11:33

In bysûndere prestaasje fan de 17-jierrige Floor Beks út Grou. De VWO-learlinge fan it Beyers Naudé gymnasium yn Ljouwert helle in sulveren medalje op de Europeeske Wiskunde Olympiade foar famkes yn Oekraïne.

Foto: Omrop Fryslân, Andries Bakker

De Europeeske Wiskunde Olympiade is in jierlikse wedstriid foar de bêste wiskundelearlingen fan it middelber ûnderwiis. It is de bedoeling om famkes te stimulearjen om harren wiskundetalint te benutten.

De dielnimmers krije yn twa dagen tiid, seis wiskundige opjeften foar de kiezzen. Se hawwe dan fjouwer-en-in-heal oere om de opjeftes op te lossen. Om mei te dwaan oan de Europeeske Olympiade moatte de dielnimmers earst de finale fan de Nederlânske Wiskunde Olympiade helle hawwe.

Njonken de sulveren medalje fan Floor Beks, wiene ek har teamgenoaten suksesfol: Hanne Snijders út Rotterdam en Sièna van Schaick út Woerden hellen beide in brûnzen medalje. De froulju bedarren mei harren team op it 27ste plak yn de lanneranking. Yn totaal diene der 50 lannen mei oan de Olympiade.

Takom jier wurdt de Europeeske Wiskunde Olympiade yn Nederlân hâlden.

Floor Beks oer de Olympiade

De opjeften waarden hieltyd dreger. "De derde was zo moeilijk, daar ben ik niet helemaal. uitgekomen", fertelt Floor Beks. Se hat in soad oefene. "We hebben elke week opgaven ingeleverd. Dus we hebben goed getraind."

Se fûn it hiel leuk dat der safolle lannen meidienen. "Je ontmoet mensen uit allerlei landen met andere gewoonten. Dat is leuk om te zien."

Floor Beks docht dit jier eksamen en is fan doel om wiskunde te studearjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)