Follybalsuskes Hester en Marrit Jasper binne selektearre foar Oranje

13 apr 2019 - 10:56

Hester en Marrit Jasper binne troch bûnscoach Jamie Morrison selektearre foar it Nederlânske team. It giet om in earste seleksje fan 30 spilers. Dit wurdt letter werombrocht nei sa'n 14.

Hester Jasper (argyffoto) - Foto: www.dijksfotografie.nl

Hester Jasper fan VC Sneek is foar it earst selektearre foar Oranje. Se stiet op de longlist fan 30 spylsters dy't yn maaie begjinne mei de tarieding op de ynternasjonale toernoaien. Ek har âldere sus Marrit Jasper stiet op dy longlist. Dat is gjin ferrassing: Marrit heart al langer by de nasjonale seleksje.

Oranje hat dizze simmer fjouwer belangrike toernoaien: de Volleyball Nations League, it Olympysk kwalifikaasjetoernoai, de World Cup en it Europeesk kampioenskip. Letter bepaalt de bûnscoach noch wa't der ôffalle. It is gebrûklik dat der 14 spylsters meigean nei in toernoai.

Manlju

De fan Snits ôfkomstige neven Gijs en Rik van Solkema binne opnommen yn de seleksje foar it nasjonale team. De nije bûnscoach Robberto Piazza hat 25 manlju útsocht. Dy seleksje moat noch werombrocht wurde nei ûngefear 14 man.

De 19-jierrige Rik van Solkema is de soan fan eks-ynternasjonal Arno van Solkema. Syn ien jier âldere neef hat ek echte follybalgenen: syn heit Gertjan spile by Snits yn de earedifyzje.

It Nederlânske team spilet dizze simmer belangrike toernoaien: ûnder oaren it Olympysk kwalifikaasjetoernoai, dat yn augustus yn Rotterdam spile wurdt.

(advertinsje)
(advertinsje)