Snie yn april: op tal fan plakken is Fryslân eefkes wyt

April doet wat 'ie wil... It is in bekende siswize, mar it is dizze sneon ek echt wier. Op tal fan plakken yn Fryslân foel koart wat snie. Under oare yn Sint-Anne, Harns, Ljouwert en op It Amelân wie de wrâld eefkes wyt. Ek hagele it bytiden.

Bliuwt it kâld?

Ek sneontejûn en -nacht is benammen yn it Waadgebiet ek noch kâns op in winterske bui of in buike. De kommende nacht 2 graden op it Waad oant 0 of -1 graden earne oars.

Sinne

Fan moandei ôf krije we hegere temperatueren. It peaskewykein krije we sels in soad sinne.