Ferkear nei Ljouwert moat omride; wurk oan Escher-akwadukt

13 apr 2019 - 09:45

It ferkear dat fan Drachten ôf Ljouwert yn wol, moat dit wykein rekken hâlde mei in omlieding. Der wurdt, lykas ferline wike, wer wurke oan it MC Escher-akwadukt.

Foto: Omrop Fryslân

It is dêrom foar it ferkear net mooglik om Ljouwert fan dy kant yn te kommen. De auto's wurde omlaat fia Goutum.

De oare kant fan de dyk is al klear, dus Ljouwert út kin wol fia it Drachtsterplein.

(advertinsje)
(advertinsje)