Winkels fan Sissy-Boy wurde oernommen; doel om winkels te behâlden

13 apr 2019 - 09:30

Famyljebedriuw Termeer Groep, bekend fan merken en winkels as Sacha en Manfield, nimt de winkels oer fan Sissy-Boy. De winkels fan it moade- en lifestylemerk waarden freed fallyt ferklearre. Yn Ljouwert hat Sissy-Boy ek in fêstiging.

Foto: Google Street View

In oerienkomst mei de kuratoaren dêroer is freedtenacht berikt.

Termeer Groep seit yn in ferklearring de kearn fan it merk Sissy-Boy fierder fersterkje te wollen binnen it famyljebedriuw. "Het doel is zoveel mogelijk banen en winkels te behouden."

(advertinsje)
(advertinsje)