Omrop TIP: hoe't seis froulju ferivige waarden ûnder LF2018

13 apr 2019 - 09:23

De measte stânbylden yn de iepenbiere romte binne fan manlju. Om hjir feroaring yn te bringen makke byldhouwer Natasja Bennink yn 2018 seis brûnzen boarstbylden fan hjoeddeiske Fryske froulju.

De earegalery mei de bylden - Foto: foto ©️ reyer boxem

De froulju binne allegearre oandroegen troch immen út harren omjouwing. Sa hawwe in boskwachter, in mantelsoarger, in studinte technyk, in foarsitter fan in frouljusfuotbal, in frijwilliger en in foarútstribjende beppe in stânbyld krigen. Yn de dokumintêre Froulju fan Fryslân wurdt it hiele proses fan de oade oan de Fryske frou folge: fan it boetserarjen fan de maten oant de ûntbleating fan de bylden.

Rige: de portretten efter de bylden

Yn de hjerst fan 2018 stjoerde Omrop Fryslân al de rige Froulju fan Fryslân út. Yn de ôfleveringen is te sjen wa't de froulju efter de bylden binne en hoe't keunstner Natasja Bennink oan de slach giet mei de bylden. Froulju fan Fryslân wie ien fan de LF2018 projekten.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Froulju fan Fryslân' is snein 14 april fan 17.00 oere ôf alle oeren te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

(advertinsje)
(advertinsje)