Postma en Wiersma makken yn 1960 in skipbrek mei; se kinne der smout oer fertelle

Metershege weagen sloegen yn 1960 oer it lytse sloepke dêr't Geert Postma en Kees Wiersma yn sieten nei't harren skip de Engonia slachside makke hie. Mei noch acht oare matroazen slagge it harren om 12 oeren lang yn in swiere stoarm mei hagelbuien en tonger te oerlibjen. Se wiene dweiltrochwiet en ûnderkuolle doe't in Frânske fiskersboat harren oppikte.
De Engonia © eigen foto
Kees Wiersma is no 78 jier en Geert Postma tikket de 80 oan, mar noch altyd prate se graach oer it grutte aventoer dat se belibben doe't se as jonge matroazen oer de wrâld fearen.
Op de allerearste reis dy't Kees makke, gie it mis. It sink-erts dat yn Noard Spanje laden wie, begûn yn in swiere stoarm te skowen. Dêrtroch makke it skip slachside en moast de bemanning haljetrawalje fan board. Mei har tsienen stapten se yn de rêdingssloep.
Kees Wiersma en Geert Postma

Noch ien fjoerpylk

Geert Postma en in oare Fryske matroas - Willem Twijnstra - pakten de riemen en soargen derfoar dat it sloepke mei de kop yn de wyn bleau. Der wiene needsinjalen ôfjûn en de mannen seagen ek wol skippen yn har buert, mar dy skippen seagen it lytse wite sloepke net.
Pas nei't de lêste fjoerpylk de loft yngie, waarden se opmurken troch in Frânske fiskersboat. Doe hiene se al tolve oeren yn it sloepke sitten.
Kranteartikel oer de skipbreuk © eigen foto
Underkuolle en yn- en ynwurch waarden se troch de bemanning fan it fiskersskip út it wetter fiske. Se krigen drûge klean, in soad drank en waarden ûnder de tekkens stoppe.
In wike letter wiene se werom yn Fryslân, dêr't hiel Westergeast útrûn om de jongkeardels wolkom te hjitten.
Hast sechstich jier letter komme pratendewei hieltyd mear oantinkens boppe. De manlju ha der gjin trauma oan oerholden en ha ek gjin psychyske help hân. "Dat is foar suertsjes" seit Geert Postma gnizend.
Foto út it fotoalbum fan Geert Postma © eigen foto
Kees Wiersma en Geert Postma oer har aventoer
Yn it radioprogramma Buro de Vries is snein 14 april it hiele ferhaal fan de twa matroazen te hearren.