Kollum: "Kultuer fan de Friezen"

13 apr 2019 - 08:20

"Hoe grut achtsje jim as harkers de kâns dat Cambuur of It Hearrenfean ynkoarten de Champions League winne sil? Dy kâns is net al te grut, dêr moatte je earlik yn wêze. Dat hat mei jild te krijen.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De toan fan Ferdinand de Jong

Itselde kinne je sizze fan it Nederlânske rugbyteam, dat net in grutte kâns makket om binnen no en in pear jier fan lannen as Nij Seelân, Ingelân of Ierlân te winnen. De kultuer fan dy lannen is op dy sporten rjochte en dêr is safolle jild mei anneks, dat de efterstân meastentiids te grut is om dy yn te heljen.

Boppedat binne wy kwa absolute getallen altyd yn de minderheid. Wat kinne wy dan wol? Hjir yn Nederlân kuorbalje wy sa ferhipte goed dat de oaren eins altyd om it twadde plak spylje. Omdat wy hjir grut wurden binne mei kuorbaljen.

Best bysûnder, in sport dêr't famkes en jonges yn ien team spylje, neam my nochris in pear sporten dêr't dat sa is, ik soe it eins net witte. Keunstride en styldûnsje, mar dat binne pearkes, gjin teams fan meardere sporters.

Teamsporten mei sawol froulju as manlju yn ien team is frijwat unyk yn de wrâld. Dat is ús Nederlânske kultuer, dat is sa ûntstien.

Yn Fryslân ha wy ek kultuer. Op meardere flakken. Dy kultuer is ûntstien trochdat generaasjes minsken in bepaalde hanneling dienen. Mei in pols oer in sleat springe, bygelyks. Omdat hjir wetter is.

Bedoeïenen ha nea de oanstriid hân om te fierljeppen dêr yn de woastyn. Dat is wat foar minsken yn Fryslân, dy't ljipaaien fandelen en om drûge fuotten te hâlden in list betochten om oer in sleat te springen.

Itselde kinne je sizze fan sile mei platboaiems. Dat is sa groeid omdat der gewoan te min útdjippe kanalen nei de doarpen te finen wienen. Dus moasten de skippen net te djip stekke, oars rûnen se fêst. Wy betochten swurden om koers te hâlden en no sile we op skûtsjes. Dat is ek kultuer dy't ûntstien is.

Reedride is ek sa'n stikje Fryske kultuer. Pake en beppe wennen oan de igge fan it Haskerwide en pake fertelde dat by it winter de famylje oer it iis op besite kaam. Gewoan omdat it praktysk besjoen in flugge wize wie om fan a nei b te kommen.

By gebrek oan winters draaie partij minsken no doelleas harren rûntsjes op in keunstiisbaan, mar de kultuer dy't der achter sit, is gewoan it reizgjen, boadskippen dwaan of in tocht ride. Kultuer dy't sa djip sit dat we it riden net ferjitte kinne, sels al is der amper natueriis mear.

Kultuer is wat dat ûntstiet. In doarpsfeest yn Dútslân is oars as hjir. Dat hinderet ek neat. Mei hynders in kilometer as wat oer hege stekken springe sa as op Aintree by de Grand National is typysk Britsk.

Dat der sa no en dan in hynder dea by rekket is part of the game, in stikje seil der oer en de kamera draait gewoan troch. Dat soe hjir amper kinne. Elts lân en folk hat syn eigen kultuer.

Tsjintwurdich moatte je der om tinke om wat oer je eigen kultuer te sizzen, lit stean dat je it moai fine meie. De krityk op de generaasjes foar ús is bytiden snoeihurd. It liket wol as ha dy alles ferkeard dien en fiele wy ús dêr ûnder druk fan (sosjale) media sa skuldich oer dat wy dat yn in pear jier rjochtbreidzje wolle.

Wy moatte op advys fan in foarbygonger it Fryske hynder en Us Mem ferfange troch nije ikoanen. It spyt my, mar sa wurket it net. It hynder holp ús om it lân te bewurkjen, sa dat der kij yn weidzje koenen. Dat is ús kultuer. Kultuer ûntstiet, dy lit him net opdringe. Wy bartelje net, wy sutelje."

(advertinsje)
(advertinsje)