Auto yn sleat by Terwispel; bestjoerder poater

Helptsjinsten binne sneontemoarn manmachtich útriden foar in auto te wetter by de A7 by Terwispel. Brânwachtminsken sochten lang nei de wein en nei in lytse trije kertier troffen se dy úteinlik oan. Se hienen doe oer in stik fan 25 kilometer socht.
© De Vries Media
It die bliken dat de auto op slot siet en dat net ien mear yn de wein siet. De bestjoerder wie poater.
De plysje sil ûndersykje hoe't de auto dêr telâne kommen is. In berger sil de wein út de sleat helje.
© De Vries Media