Sikehûs MCL en Prinses Máxima Centrum wurkje gear

12 apr 2019 - 22:56

It Medisch Centrum Ljouwert (MCL) is in gearwurking oangien mei it Prinses Máxima Centrum yn Utrecht. It giet om in oerienkomst op it mêd fan berne-onkologyske soarch. Yn totaal dogge 21 sikehûzen yn it lân mei oan de gearwurking.

Sikehûs MCL yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hjirtroch kin de behanneling fan bernekanker foar in grut part tichteby hûs plakfine. It MCL foldocht oan alle strange betingsten om dizze soarch te leverjen. Der binne nije ôfspraken makke oer ûnder oare rjochtlinen foar behanneling en de ynhâld fan de soarch.

It Prinses Máxima Centrum stelt de diagnoaze en bepaalt hoe de behanneling der út komt te sjen. It MCL fiert dêrnei de behanneling út, sa as gemoterapy, bloedtransfúzje of in opname omdat der bygelyks sprake is fan koarts wêrby't antibioatikum nedich is.

(advertinsje)
(advertinsje)