Brûnzen Froulju fan Fryslân steane teplak yn Ljouwert

12 apr 2019 - 22:47

De seis brûnzen boarstbylden fan de Froulju fan Fryslân steane fêst teplak yn Ljouwert. Sûnt oktober 2018 stiene se tydlik yn it Amelius van Oenemapark op It Hearrenfean. No steane se yn Ljouwert op in hoeke fan de Snekertrekwei oan it wetter, flakby it gebou fan Rykswettersteat.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De bylden binne makke troch keunstner Natasja Bennink en freedtemiddei offisjeel ûntbleate. Wethâlder Sjoerd Feitsma wie derby en fûn it "in moai foarbyld fan de legacy fan in Kulturele Haadstêd-projekt."

Crowdfunding

Natasja Bennink hat seis gewoane en dochs bysûndere froulju yn brûns ferivige, froulju fan ferskillende leeftiden. It binne Tytsje Porte út Stiens, Anke Bruin fan Flylân, Mirte van der Veen út Surhústerfean, Gea Smits út Frjentsjer, Froukje Hofma fan It Hearrenfean en Jildou Valk út Eastermar.

Oare minsken fûnen dat dizze froulju in stânbyld fertsjinnen en hawwe harren foardroegen. Mei sponsoring en crowdfunding waard it jild foar de brûnzen 'Froulju fan Fryslân' by elkoar brocht.

Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

Oer it ta stân kommen fan de bylden hat programmamakker Marleen Godlieb foar Omrop Fryslân de telefyzjesearje en de dokumintêre Froulju fan Fryslân makke. Dizze Fryslân DOK gong freedtemiddei, foarôfgeand oan de ûntbleating fan de stânbylden, yn premjêre yn Filmhûs Slieker.

De film Froulju fan Fryslân is sneon 13 april ek te sjen by NPO2 om 15.30 oere, en op snein 14 april fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân. Yn de film is te sjen wat de Froulju fan Fryslân sa bysûnder makket. Wylst Natasja Bennink de bylden makket, folget de kamera ek dat hiele proses.

(advertinsje)
(advertinsje)