Stefan van der Pal wol Alvestêdetocht yn 2020 swimme

Atleet Stefan van der Pal út Ljouwert sil takom jier de Alvestêdetocht swimme. Hy nimt dêrmei it stokje oer fan Maarten van der Weijden, dy't de tocht yn juny fan dit jier op it programma hat.
Stefan van der Pal
Van der Pal hat de Alvestêdetocht yn 2011 ek dien yn estafettefoarm mei fjouwer kollega-triatleten. It plan om de tocht hielendal allinnich te dwaan, liet him net los. It soe dan ek wêze ferline jier, yn gearwurking mei Van der Weijden, mar Van der Pal woe der fiif dagen oer dwaan en Van der Weijden trije dagen. Dat wie net goed op elkoar oan te sluten.
No is Van der Pal mei Van der Weijden yn petear foar gearwurking yn 2020, sadat der alle jierren jild ynsammele wurde kin foar it kankerfûns.