Drachtster Boys wint wol, mar pleatst him net foar play-offs

12 apr 2019 - 22:18

De sealfuotbalsters fan Drachtster Boys is it net slagge om de play-offs foar it kampioenskip te heljen. Yn eigen sporthal waard wol mei 4-3 wûn fan Os Lusitanos, mar omdat direkte konkurrint Drs. Vijfje ek wûn wie dat net genôch.

De opdracht foar Drachtster Boys wie dúdlik. Sels winne fan Os Lusitanos en dan hoopje dat Drs. Vijfje punten ferspile soe tsjin Team Alkmaar/Sportstars. Dan wiene de sealfuotbalfroulju wis fan in plak by de earste fjouwer en dermei ek de play-offs foar it kampioenskip.

De Wedstriid fan de Wike begûn flitsend foar de Drachtsters. By in oanfal yn de earste minút fan Drachtster Boys komt Jessie Prijs yn de ploech foar de keepster Anna Reitsma. Sy krige de bal by de twadde peal en dêr koe Anita Vellema de bal der ynrinne: 1-0.

Mei noch likernôch tsien minuten te gean yn de earste helte krigen de Drachtster froulju in frije traap. Nettsjinsteande dat alle spilers fan de Amsterdamse tsjinstanner yn eigen goal stiene, koe Marleen Reenders in gatsje fine. De bal gie hurd en oer de grûn yn de goal. De 2-0 wie ek de rêststân en omdat Drs. Vijfje op 0-0 stie wie alles noch mooglik.

Foto: twitter @dftda1

Sterk begjin twadde helte

Ek de twadde helte wie Drachtster Boys de bettere ploech. It oerwicht waard twa kear fersulvere troch Aruni Westerhout. En twa kear wie it Prijs dy't de bal klearlei foar Westerhout. Sa kamen de sealfuotbalsters op in 4-0 foarsprong en waard der mear en mear nei de wedstriid yn Alkmaar sjoen. Dat feroare net neidat Marloes Pieëte de earste goal foar Os Lusitanos makke en de 4-1 op it skoareboerd sette.

Drs. Vijfje op foarsprong, gjin play-offs

It minne nijs foar de Drachtsters kaam úteinlik út Alkmaar. Dêr kaam Drs. Vijfje op in 1-0 foarsprong. Net folle letter kaam de Grinzer ploech ek op in 2-0 foarsprong en wiene de kânsen op de play-offs foar Drachtster Boys fersjoen.

Ek de eigen wedstriid gie dêrnei in stik minder. Bouchra Moudou fan Os Lusitanos skoarde twa kear en sa kamen de Amsterdammers werom ta 4-3. Dat wie ek de einstân.

Drs. Vijfje krige noch wol in tsjingoal, mar skoarde sels ek en wûn mei 3-1. De ploech fan Symen Abe Hoekstra bliuwt dêrmei op in fiifde plak yn de kompetysje stean. En dat is krekt net genôch om mei te dwaan oan de play-offs foar it kampioenskip.

Symen Abe Hoekstra

Drachtster Boys - Os Lusitanos 1-0 (1-0) Anita Vellema 1-0, Marleen Reenders 2-0, Aruni Westerhout 3-0, Aruni Westerhout 4-0, Marloes Pieëte 4-1, Bouchra Moudou 4-2, Bouchra Moudou 4-3

Seleksje Drachtster Boys: Anna Reitsma, Anita Vellema, Aafke de Hoek, Marleen Reenders, Aruni Westerhout, Mellanie Elzinga, Tjitske Sikma, Lisanne Kempe, Jessie Prijs en Sieta de Vries, Richelle Gordijn, Rianne Mulder

(advertinsje)