FIDEO: Hoe komt it mei SC Hearrenfean nei it fuortgean fan Olde Riekerink?

12 apr 2019 - 22:13

SC Hearrenfean naam dizze wike ôfskie fan trainer Jan Olde Riekerink. Fiif wedstriden foar de ein ferliet hy Hearrenfean troch de achterdoar. Assistint-trainer Johnny Jansen nimt syn taken oer foar de rest fan it seizoen en is dêrmei de tsiende trainer yn tsien jier tiid. Ald-fuotballers en trainers Joop Gall, Jan de Jonge en Maarten de Jong praten freedtejûn yn Fryslân Hjoed oer de perikelen by de klup en seagen foarút nei de noardlike derby tsjin FC Grins, kommende snein.

Tafelpetear Hearrenfean-Grins

(Advertinsje)
(Advertinsje)