SC Cambuur pakt trije punten tsjin Jong FC Utrecht

SC Cambuur hat freedtejûn yn eigen stadion trije punten pakt tsjin Jong FC Utrecht troch de Domstedelingen mei 4-1 te ferslaan. Al gau kamen de Ljouwerters op in 1-0 foarsprong en nettsjinsteande in tsjingoal op slach fan rêst hie Cambuur in maklike wedstriid.
SC Cambuur pakt trije punten tsjin Jong FC Utrecht
Cambuur woe striidber begjinne oan de wedstriid. En dy yntinsje wie gelyk te sjen. Oan it begjin fan de wedstriid waard heech druk set en dat resultearre nei seis minuten yn in doelpunt. Rjochterferdigener Sai van Wermeskerken helle fan in meter as 20 mei links út en de bal fleach achter keeper Nijhuis yn it goal fan Jong FC Utrecht. Cambuur krige mear kânsen, mar dochs like Jong FC Utrecht op 1-1 te kommen. Keelan Lebon stie lykwols bûtenspul.

Gefaarlik

Dêrnei wiene foaral de Ljouwerters gefaarlik. Yn de 28ste minút skeat Kevin Jansen, nei in hakje fan Robin Maulun, fan tichteby de bal hurd op de peal. Ek Kevin van Kippersluis krige in grutte kâns, mar fan tichteby gie de bal der net yn. Net folle letter wie it wol raak foar Cambuur en Van Kippersluis. Nei in foarset fan David Sambissa wie de oanfaller attint en makke de 2-0.
Cambuur like mei in moaie foarsprong de klaaikeamers yn te gean. Mar yn de 45ste minút makke Van Wermeskerken in oertrêding op Lebon en fertsjinne Jong FC Utrecht in penalty. Dy waard skoard troch Nick Venema, wêrtroch der rêst waard mei in 2-1 stân.

Cambuur slacht daliks ta

De Ljouwerters rekken net fan slach troch de tsjingoal. Yn de 48ste minút skoarde de ploech fan trainer René Hake de 3-1. Andrejs Ciganiks syn skot waard fan rjochting feroare troch Van der Velden van Jong FC Utrecht en de foarsprong fan twa doelpunten stie daliks nei rêst alwer op it skoareboerd. Yn de 64ste minút fierde Cambuur de skoare noch mear op. Ynfaller Nigel Robertha wist Maulun te berikken. Hy kapte de tsjinstanner út en makke de 4-1.
Troch de oerwinning stean de Ljouwerters op it stuit op in njoggende plak mei 50 punten.
© www.orangepictures.nl
SC Cambuur - Jong FC Utrecht 1-0 (1-0) 6. Van Wermeskerken 1-0, 35. Van Kippersluis 2-0, 45. Venema 2-1, 48. Van der Velden (e.g.) 3-1, 65. Maulun 4-1,
Opstelling SC Cambuur: Mous, Van Wermeskerken, Steenvoorden, Mbende , Sambissa, Jansen (79/Jones), Maulun, Ciganiks, Kallon (62/Robertha), Hendriks, Van Kippersluis (79/Bangura)