Avine Fokkens fan de VVD: "Wij hadden graag met Forum willen regeren"

12 apr 2019 - 21:36

Gearwurking mei de PvdA wie net de earste kar foar de VVD, sei fraksjefoarsitter Avine Fokkens fan de VVD freed oer de ynformaasje. De partij hie leaver in kolleezje foarme mei Forum voor Democratie.

Avine Fokkens VVD

"Onze primaire keuze ging uit naar Forum. Inhoudelijk staan ze iets dichter bij ons wat betreft de landbouw, veenweide, mkb, de rol van de overheid. Dus in die zin hadden we graag met Forum willen gaan regeren", seit Fokkens.

It einadvys fan ynformateur Harry van der Molen is in koälysje fan CDA, PvdA, VVD en FNP yn Provinsjale Steaten. Neffens Fokkens hat de VVD dêrmei net in fear litten. "Zo zie ik het niet. Het over en weer geven en nemen begint pas op het moment dat je gaat formeren. Dit was de voorronde, nu ga je kijken wie er mee gaan doen en deze vier partijen gaan nu pas over en weer water bij de wijn doen."

"Geven en nemen"

De VVD hie it aventoer mei de nijkommer Forum voor Democratie dus wol oan wollen en ek it risiko fan bestjoerders sûnder ûnderfining hie gjin probleem west. Der wie lykwols in oar lestich punt mei Forum. Fokkens: "Ik vind het veel belangrijker dat je elkaar over en weer aan de voorkant kunt vinden. Ben je bereid om over en weer te geven en te nemen. En op dat punt leek het heel erg moeilijk, omdat ze van meet af aan toch wel heel duidelijke breekpunten gingen formuleren en ook aangaven: 'Wij willen dat er een streep gaat door bepaalde genomen besluiten uit het verleden'. Dan ben je als overheid zo onbetrouwbaar en wordt het heel erg lastig om daarmee te gaan regeren."

Wa wurdt deputearre?

It is net dúdlik oft deputearre Klaas Kielstra foar nochris fjouwer jier weromkomt yn it kolleezje. De VVD sil der nije wike mei de fraksje oer gear, seit Fokkens. "We hebben meerdere kandidaten." Oft Fokkens dêr sels ek by sit, wol se noch net sizze. "Misschien wel, misschien niet."

(Advertinsje)
(Advertinsje)