Jeugd Sponsor Actie keart goed heal miljoen euro út oan sportferieningen

De Jeugd Sponsor Actie fan supermerkketen Poiesz hat freedtejûn yn it WTC Expo yn Ljouwert 560.000 euro útkeard oan sportferieningen út it noarden. Grutte winner is fuotbalferiening Harkema Opeinde. Se krije in bedrach fan 1706 euro.
© Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld
Sportferiening Oeverzwaluwen is twadde mei in bedrach fan 1598 euro. It tredde plak is foar fuotbalferiening Harkemase Boys en karateferiening Iryoku út Ljouwert mei 1553 euro.
It is al foar de 14e kear dat de aksje hâlden wurdt en de sponsorbedragen fariearje fan 700 euro oant 1700 euro. Yn totaal wiene der yn it WTC sa'n 3500 sporters om harren sjek op te heljen.

Sponsormunten

By de sponsoraksje is it de bedoeling om safolle mooglik sponsormunten te sammeljen. Wa't de measte munten hat kriget it heechste bedrach útkeard. It jild is bedoeld foar ekstra finansjele stipe foar klups.
Njonken dat de klups harren sjek yn ûntfangst namen wie der ek noch in muzykprogramma mei artysten as O'G3NE, Kraantje Pappie en Tim Douwsma.
Ferslachjouwer Lennie Bronsveld wie by de feestlike jûn yn it WTC Expo